FNP besiket jongerein te belûken by polityk mei 'Jûn foar Fryslân'

15 mrt 2019 - 23:31

Sa'n 200 minsken besochten freedtejûn de 'Jûn foar Fryslân' fan de FNP yn diskoteek Sans Souci yn Berltsum. Dêrmei wie de seal lang net fol, mar organisatoaren Sijbe Knol en Aant Jelle Soepboer binne dochs tefreden.

FNP besiket jongerein te belûken by polityk mei 'Jûn foar Fryslân'

"Ik fyn it in boppeslach, hoe't we it petear oan tafel hiene. We besykje de polityk tagonklik te meitsjen foar jongerein", fertelt Soepboer, de nûmer 29 op de list foar de FNP by de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten.

Muzyk en diskusje

Mei ôfwikseljend muzyk en in diskusje op it poadium waard besocht de besikers waarm te krijen foar de polityk en de FNP. Gasten as Sylvana IJsselmuiden, bekend fan ûnder oare Dumpert, en de Fryske Vlogger Eduard Rekker moasten de jûn foar de jongerein nijsgjirrich meitsje.

"Polityk is faak dreech, mar dat hoecht net altyd. Der binne ek saken lykas leefberheid yn de doarpen en regeljouwing foar eveneminten, dy't de polityk wol reitsje mar net hiel swier binne. Wy woene it aardige fan sa'n jûn mei dit soarte ûnderwerpen kombinearje", fertelt Sijbe Knol. Hy stiet op nûmer trije op de FNP-list.

Op gong komme

Wol moast de jûn efkes op gong komme en stiene de measte minsken fier efteryn de seal. "Ja, mar dat komt noch", lit Knol dêrop witte. "It is krekt as op in doarpsfeest! It earste oerke stiet elkenien wat efteryn en is it feest dien, dan krije je se de tinte net mear út!", laket er.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Harkje nei besikers en Sijbe Knol en Aant Jelle Soepboer fan de FNP

(Advertinsje)
(Advertinsje)