UNIS Flyers docht goeie saken yn heale finale BeNe-League

15 mrt 2019 - 22:49

De UNIS Flyers binne yn de striid om de BeNe-League titel úteinset mei in oerwinning op de Luik Bulldogs. Fia de perioadestannen 3-0, 1-1 en 0-1 waard it 4-2 foar de Friezen, dy't yn de best-of-three searje fan de heale finale no 1-0 foar stean.

De Flyers iepenen nei tsien minuten de skoare. Op de powerplay wie it Ronald Wurm dy't raak skeat. Goed fiif minuten letter wie it wer raak, op 'e nij troch in powerplay. Dizze kear wie it Jasper Nordemann dy't skoarde, út in rebound. Gau dêrnei skoarde ek Adam Bezak troch de puck fanôf links heech yn de goal te sjitten.

Yn de twadde perioade diene de Flyers it wat rêstiger oan. Nei tsien minuten makke Ronald Wurm syn twadde fan de jûn troch de puck fan ôfstân hurd binnen te sjitten. Net folle letter wist Luik ek noch te skoaren troch in powerplay. De rêststân wie dus 4-1.

Tredde perioade

De Flyers begûnen de tredde perioade mei in straf foar Bezak. Luik profitearre dêr optimaal fan troch de 4-2 te meitsjen, wat ek de einstân waard.

Best-of-three

Snein spylje de Flyers it twadde duel yn de 'best-of-three' om 18.45 yn Luik. In eventueel tredde duel soe woansdei om 20:30 yn Thialf ferspile wurde.

Foto: Dijks Fotografie

De UNIS Flyers stride tsjin de Luik Bulldogs om in plak yn de finale fan de BeNe-League. Yn de oare heale finale giet de striid tusken Belgysk kampioen en bekerwinner Herentals en Geleen, dat ferrassend Nijmegen (Nederlânsk kampioen en bekerwinner) útskeakele yn de kwartfinale.

(advertinsje)