Cambuur wint foar it earst sûnt novimber wer ris yn eigen hûs

SC Cambuur hat freedtejûn einlik wer ris in thúsoerwinning pakt. Yn it Cambuurstadion waard mei 3-1 wûn fan Jong PSV. It is foar it earst sûnt 2 novimber 2018 dat de Ljouwerters thús in wedstriid winne.
Cambuur wint foar it earst sûnt novimber wer ris yn eigen hûs
Nei de oerwinning op RKC Waalwijk fan foarige wike woe Cambuur ek thús wer ris winne. Frjemd wie it dan ek net dat de Ljouwerters fuortendaliks yn de oanfal gongen. Yn de 25ste minút wie it foar it earst raak. In lange bal fan middenfjilder Daan Boerlage kaam by Kevin van Kippersluis, dy't de bal efter PSV-doelman Van de Meulenhof pleatste.
Ek nei de goal dominearre Cambuur de wedstriid. Krekt doe't Jong PSV better begûn te spyljen koe Van Kippersluis, dy't de blessearre Conraad ferfong, troch de ferdigening brekke en de bal breed lizze op Sam Hendriks, dy't fan tichteby de 2-0 makke.
© Orange Pictures

Sterke twadde helte

Yn de twadde helte gong Cambuur fol op de oanfal. Al gau wie der in grutte kâns foar Sambissa, mar syn skot gong neist. In minútsje letter kaam Cambuur der opnij út, mar dizze kear wie de einpass fan Sambissa in proai foar de PSV-ferdigening. Jong PSV besocht ek oan te fallen, mar koe eins gjin grutte kânsen kreëarje.
Cambuur tocht in kertier foar tiid op 3-0 te kommen doe't Sam Hendriks in foarset fan Sambissa tsjin de touwen skeat, mar hy stie bûtenspul. Dêrnei krige Hendriks yn it sechstjinmetergebiet de bal nei in flater fan de Jong PSV-ferdigening. Ditkear stie er net bûtenspul en skeat hy de 3-0 dochs noch binnen.

Earetreffer Jong PSV

Fiif minuten foar tiid koe Jong PSV noch skoare. Lennerd Daneels skeat de bal hurd efter doelman Mous en sette dêrmei de 3-1 einstân op it skoareboerd.
SC Cambuur - Jong PSV 3-1 (2-0). 25. Kevin van Kippersluis 1-0, 40. Sam Hendriks 2-0, 75. Sam Hendriks 3-0, 85. Lennerd Daneels 3-1.
Opstelling SC Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden, Schilder, Sambissa, Boerlage (87. Jones), Jansen, Maulun, Bangura (69. Ciganiks), Hendriks, Van Kippersluis (81. Robertha).