Feanfroulju ferpolverje Achilles '29 yn Nijehoarne

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn op it sportpark yn Nijehoarne mei leafst 6-0 wûn fan Achilles '29. Om't de eigen fjilden fan Skoatterwâld net goed genôch wiene, moasten de froulju útwike nei it sportpark fan UDIROS.
© ProNews
Nei in kertier pakten de Feanster froulju it inisjatyf. Dochs duorre it oant krekt foar de ein fan de earste helte foardat der skoard waard. Tiny Hoekstra makke krekt foar tiid de 1-0 foar Hearrenfean.
Twa minuten nei it skoft ferdûbele Quinty Sabajo de foarsprong. Chantal Schouwstra skeat letter de 3-0 foar de thúsploech binnen. Yn it lêste kertier fan de wedstriid foelen noch leafst trije goals. Suzanne Admiraal knalde de bal yn 'e krusing; Sabajo makke dêrnei mei twa doelpunten dien wurk.

Play-offs

Oankommende tiisdei spilet Hearrenfean yn de play-offs de 'return' út tsjin Achilles yn Groesbeek. De Friezen gean yn de degradaasjepûl fan de earedifyzje oan kop.