Darter Noppert pleatst him foar European Tour yn München

15 mrt 2019 - 20:22

Danny Noppert fan De Jouwer hat him yn it Ingelske Wigan pleatst foar syn earste European Tour fan dit jier. By de earste twa kwalifikaasjetoernoaien fan 2019 wie de 28-jierrige darter net suksesfol, mar freedtejûn koe er him op it tredde dan dochs pleatse.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de wedstriid om pleatsing wûn Noppert yn in goeie partij mei 6-4 fan Darius Labanauskas. Dêrfoar wie de Jouster al te sterk foar Antonio Alcinas út Spanje.

München

De tredde European Tour, dêr't de Fryske darter him no foar pleatst hat, wurdt yn München (Dútslân) hâlden. De German Darts Grand Prix fynt dêr fan 20 oant en mei 22 april plak.

(advertinsje)