UPDATE: Treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp ride wer

15 mrt 2019 - 23:57

Der wie freedtejûn in skoft gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Dat kaam troch in oanriding mei in persoan, op it trajekt tusken Ljouwert en Tytsjerk. Ferfierder Arriva sette bussen yn om de reizgers dochs op harren bestimming te krijen. Krekt foar tolve oer jûns is de tsjinstregeling wer oppakt en ride de treinen wer.

Foto: De Vries Media
(advertinsje)