Twadde judobrûns foar Tornike Tsjakadoea yn Ruslân
Judoka Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert hat freed yn it Russyske Jekaterinenburg in brûnzen medalje wûn. Foar Margriet Bergstra fan De Lemmer siet it toernoai der al nei twa rondes op; sy ferlear fan Haruka Funakubo út Japan.
Tsjakadoea skeakele yn it duel om it tredde plak Lukhumi Chkhvimiani út Georgië út. It wie foar de Ljouwerter syn twadde poadium dit jier; inkelde wiken lyn pakte er syn earste brûnzen medalje op it heechste judonivo.