Tristan Bangma pakt brûns op WK parahurdfytsen

Tristan Bangma fan Donkerbroek hat freedtejûn yn Apeldoorn in brûnzen medalje behelle op it WK parahurdfytsen. Op de fjouwer kilometer efterfolging einigen Bangma en syn piloat Patrick Bos efter Poalen en it oare Nederlânske team.
Tristan Bangma pakt brûns op WK parahurdfytsen
"Ik ben heel erg blij met het brons", sei Bangma nei syn rit yn Apeldoorn. "Dit was het hoogst haalbare. Het zit hier ook zo dicht bij elkaar."
Sneontemiddei rydt Tristan Bangma yn Apeldoorn ek noch de tiidrit oer ien kilometer.

Sulver foar Norbruis

Njonken it brûns fan Bangma wie der earder op de dei al in sulveren medalje foar Alyda Norbruis fan Oerterp.