Twadde Keamer ûnderfreget deskundigen oer kontenerramp MSC Zoe

Hoe kin in ramp as mei de MSC Zoe yn de takomst foarkaam wurde? Dy fraach stiet sintraal yn in oerlis dat de fêste kommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat fan de Twadde Keamer op 10 april hâldt. Meardere deskundigen skowe oan by dat oerlis, om fragen fan de kommisjeleden oer de ramp te beäntwurdzjen.
© Kustwacht Nederland
De deskundigen kinne ûnder oare ûnderfrege wurde oer de oarsaak fan de ramp, de respons fan de helptsjinsten en oerheden, de bergingsoperaasje en de gefolgen foar de natuer, fiskerij en rekreaasje. Ek komme de regels oan bod dy't der jilde foar kontenerferfier, bygelyks foar hoe't de konteners fêstset wurde moatte en of it weromfinen fan konteners maklik genôch is.
Oan de hân fan de antwurden wurdt bepaald of der ferbetterpunten binne en of nasjonale en ynternasjonale regels, prosedueren en gearwurkingen oanpast wurde moatte. Dêrneist tinkt dat de kommisje dat de ynbring fan de deskundigen mooglik helpe kin by it fierdere opromwurk yn it Waadgebiet.

Deskundigen

Op de list mei útnûge deskundigen stean ûnder oare Ellen Kuipers fan de Waddenvereniging, Johan Nooitgedacht fan de Nederlandse Vissersbond en fertsjintwurdigers fan Rykswettersteat en de Kustwacht. Arjen Kok fan Natuurmonumenten fertsjintwurdiget de natuerbehearders. Dêrneist binne ek boargemaster Ferd Crone yn syn funksje fan foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân, boargemaster Bert Wassink as foarsitter fan it Samenwerkingsverband De Waddeneilanden en de Fryske deputearre Klaas Kielstra frege om oan te skowen.
It oerlis fan de fêste keamerkommisje mei de deskundigen is iepenbier tagonklik, it kin ek folge wurde fia de webside fan de Twadde Keamer. It oerlis jildt as tarieding op in plenêre gearkomste dy't de Twadde Keamer hâldt oer de ramp, in datum dêrfoar is noch net fêststeld.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.