Flinke botsing tusken twa auto's op brêge N351 by Aldetrine

Op de N351 by Aldetrine binne freed oan de ein fan middei twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. By it ûngelok soene meardere persoanen ferwûne rekke wêze. Hoe't it mei harren giet, is net bekend.
© ProNews
De twa auto's hawwe flinke skea oprûn. Fanwegen it ûngelok hat de plysje de N351 ôfsletten. Ferkear moat dêrom oer de paralleldyk ride.

Oarsaak

Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. In plysjeteam docht dêr op it stuit ûndersyk nei.