Martijn Barto spilet takom seizoen foar Blau Wyt '34

15 mrt 2019 - 17:00

Martijn Barto giet fuort by ONS Snits. De âld-spiler fan SC Cambuur wurdt takom seizoen spiler fan twaddeklasser Blau Wyt '34 út Ljouwert. Barto wol graach tichter by hûs fuotbalje. Neist spiler wurdt de 34-jierrige Barto ek assistint fan haadtrainer Bert Hollander.

Barto spile yn it ferline foar Spijkenisse, RKC Waalwijk, Helmond Sport, Harkemase Boys en SC Cambuur. De oanfaller komt sûnt de simmer fan 2018 út foar ONS Snits. Ofrûne simmer koe Barto ek nei it bûtenlân ta, mar dêr gie er net op yn. ONS Snits stiet op it stuit op in 13e plak yn de tredde difyzje, mei 29 punten út 24 wedstriden.

Blau Wyt '34 spilet ûnder lieding fan Bert Hollander yn de twadde klasse fan it sneons-amateurfuotbal.

Foarsitter Rudy Douma fan Blau Wyt '34 is tige wiis mei de komst fan Barto. "Martijn kwam in het verleden wel eens langs bij onze club om onze jeugdteams te huldigen wanneer ze kampioen werden", seit Douma yn in reaksje. "Voor iedereen bij de club is hij een gigantisch boegbeeld. Niet alleen als voetballer, maar ook als mens is hij een enorme meerwaarde."

Ik bungel nu wat tussen prestatievoetbal en plezier in.

Martijn Barto

By Blau Wyt '34 komt Barto wer yn ien team te spyljen mei Blauw-Witter Bob Schepers. De beide oanfallers spilen tegearre by SC Cambuur yn de seizoenen 2011/2012 en fan 2013 oant 2015. "Ik bungel nu wat tussen prestatievoetbal en plezier in", seit Barto. "Ik woon in de buurt van de velden van Blauw Wit en het lijkt me mooi om met jongens als bijvoorbeeld Bob Schepers samen te spelen."

Foto: Omrop Fryslân

Oer it nivoferskil makket Barto him net drok. "Wanneer we volgend seizoen in de tweede klasse voetballen, gaan we er alles aan doen om zo snel mogelijk bovenin mee te spelen. Maar ik hoop natuurlijk dat het team kan promoveren dit jaar!"

Barto is al de fjirde basisspiler dy't takom seizoen net mear yn it shirt fan ONS te sjen is. Earder makken Curty Gonzales, Ale de Boer en Klaas de Vries al dúdlik dat harren takomst net mear yn Snits leit. Sy spylje respektyflik tsien, acht en sân jier by de klup.

(advertinsje)