Deputearre Poepjes skrokken fan finansjele situaasje Fryske Akademy

Deputearre Sietske Poepjes lit wite dat se 'skrokken is' fan de finansjele situaasje by de Fryske Akademy, ek al omdat it net foar it earst is dat de Akademy mei tekoarten te meitsjen hat. De Fryske Akademy wol sa'n seis banen skrasse. Dat is nedich om wer finansjeel sûn te wurden.
© Erik en Petra Hesmerg
Ferslachjouwer Onno Falkena trof Sietske Poepjes yn de CDA Foodtruck
"It giet om in yngewikkeld fraachstik. It wittenskiplik nivo moat omheech, de kosten moatte omleech", seit Poepjes. "Hoe dogge je dat? Dat is de útdaging, mar dat losse je net yn sân hasten op." De deputearre seit te stribjen nei 'in robúste oplossing' foar de langere termyn.

Geregeld oerlis

Poepjes hat neffens eigen sizzen sûnt de ôfrûne winter geregeld oerlis oer de situaasje mei alle belutsen partijen. Se seit dat se der alle betrouwen yn hat dat der op 'e tiid in oplossing fûn wurdt foar de Akademy, yn oerlis mei it Ryk en de KNAW. Oer it krekte tiidpaad foar sa'n oplossing woe de deputearre freed neat sizze.

Kampanje

Op dit stuit is Poepjes, lykas de measte provinsjale politisy, benammen drok mei de kampanje foar de steateferkiezingen. Poepjes har rol yn dy kampanje is ûnder oare itensiede yn de CDA Foodtruck en dat iten útdiele oan foarbygongers, om sa mei kiezers en potinsjele kiezers yn kontakt te kommen.
Listlûker Marijke Roskam fan de Partij van de Arbeid fynt dat deputearre Poepjes trochpakke moat. "It kin net sa wêze dat sa'n wichtige fraach in heal jier lizzen bliuwt." Roskam fynt sels dat direkteur Smink fan de Fryske Akademy 'in goed plan' makke hat en stipe fertsjinnet.
Marijke Roskam oer de jildpine by de Fryske Akademy