Supportersferieningen fan SC Hearrenfean stean achter direkteur Roozemond

15 mrt 2019 - 16:23

De supportersferienigingen NieuwNoord en Feanfan fan Sportklup Hearrenfean stean achter de nije algemien direkteur Cees Roozemond. Dat skriuwe se op harren websiden yn in ferklearring.

Foto: Omrop Fryslân

"Laten we weer achter onze club gaan staan", skriuwt NieuwNoord. Neffens de supportersferienigings kinne se harren foarstelle dat der in soad fragen binne oer de beneaming fan Roozemond, mar fine se dat de beneaming goed gongen is. Beide ferienings skriuwe itselde: "Als bestuur staan wij volledig achter onze vertegenwoordiger en daarmee het besluit Cees te benoemen".

Achter de ploech stean

NieuwNoord en Feanfan hawwe in fertsjintwurdiger yn it stichtingsbestjoer: Edward Jousma en Tiemen Korvemaker. Neffens de ferklearring kinne beide mannen harren lûd goed hearre litte. Dêrneist roppe se op om wer achter de ploech stean te gean en wolle se dat de rêst weromkomt. Sa skriuwt Feanfan: "Laten we samen de schouders eronder zetten en zorgen dat de rust terugkeert".

(advertinsje)
(advertinsje)