Proef mei 'cruise control' yn trein is slagge

De proef mei in persoanetrein mei in automatyske piloat op it trajekt tusken Grins en Ljouwert is slagge. Ofrûne wike hawwe de provinsje Grinslân, ProRail, Arriva en Stadler tusken Grins en Súdhorn sjoen oft de 'Automatic Train Operation' (ATO) geskikt is foar reizgerstreinen. Dat liket no sa te wêzen.
© Fotografie Hylke Knot
Direkteur Anne Hettinga fan Arriva
ATO is in soarte fan cruise control foar in trein. It helpt de masinist om de trein presiser ride en halt hâlde te litten. It is net sa dat de treinen aanst hielendal sûnder masinist ride.

Tiidwinst?

Hoefolle tiidwinst oft ATO opsmyt en oft der ekstra treinen ynsetten wurde kinne, moat noch blike út nije testen. De fjouwer partijen wolle dat gau dwaan.
Yn ûndersteande fideo mear ynformaasje oer de diels automatisearre trein foar reizgers: