Stoarmskea yn Drachten: beam op hûs en flatplaten yn boarterstún

15 mrt 2019 - 15:13

Aardich wat stoarmskea yn Drachten. By de Tjaardaflat liet de muorrebeklaaiïng fan it tsjettelhûs los. Oan de Berkeleane foel in beam op in hûs.

De platen fan de Tjaardaflat foelen yn de grutte boarterstún Spikerdoarp. De brânwacht hat de platen losmakke en alles kontrolearre. Yn de tún wiene gjin bern oan it boartsjen op dat stuit.

Oan de Berkeleane hat de brânwacht de beam fan it hûs helle. Ek dêr rekke gjinien ferwûne.

Yn Fryslân is fanwegen de hurde wyn koade giel fan krêft. Dat duorret oant 18.00 oere.

Trefwurden: 
Drachten stoarmskea hurde wyn
(advertinsje)
(advertinsje)