Fertsjusterjende ponghâlder út Ferwâlde krijt maksimale wurkstraf

15 mrt 2019 - 14:56

In 63-jierrige boekhâlder út Ferwâlde is freed feroardiele ta in maksimale wurkstraf fan 240 oeren. Reden is fertsjustering en stikferfalsking. Boppedat hat er in finzenisstraf ûnder betingst fan trije moannen krigen.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hat tusken begjin 2012 en ein maart 2016 as waarnimmend ponghâlder fan doarpshûs De Djippert yn Ferwâlde hast 50.000 euro fertsjustere. Hy brûkte it jild om syn rekkens te beteljen. Fan in befreone feehâlder hat er tusken 2007 en 2014 sa'n 155.000 euro fertsjustere.

Saak âld

Fan dat jild hat de Ferwâldster ûnder oare de belestingtsjinst en in advokatekantoar betelle. It Iepenbier Ministearje hie in healjier finzenisstraf plus trije moanne ûnder betingst easke. De rjochtbank hold rekken mei dat de saak al wat âld wie.

Yn deselde saak rint noch in sivile proseduere, oanspand troch de famylje fan de feehâlder. De man hat it jild dat er fan it doarpshûs fertsjustere diels werombetelle.

(advertinsje)