Net alle basisskoallen stake en sels heiten en memmen ynset as gastdosint

15 mrt 2019 - 13:59

Lang net alle basisskoallen yn Fryslân binne freed ticht fanwege de lanlike ûnderwiisstaking. Sa wurdt op PCBO De Spreng yn Drachten gewoan les jûn en steane op basisskoalle De Librije op De Gordyk heiten en memmen foar de klasse.

Sa'n sechstich Fryske basisskoallen binne freed ticht. Goed taret op in wiet Malieveld binne moarns sechtich leararen út Ljouwert wei nei Den Haag gien. Der wurdt staakt foar minder wurkdruk en in bettere kwaliteit fan it ûnderwiis.

De Spreng hat besletten net te staken, omdat âlden dan nei opfang fan de bern sykje moasten of sels frij nimme moasten. Dochs stipet de skoalle de minsken dy't nei Den Haag geane wol, elkenien hat in giel heske oanlutsen.

Underwiis - Foto: Shutterstock.com

De situaasje yn it ûnderwiis giet master Andries van der Velde fan De Spreng oan it hert. "As wy úteinlik mei klassen fan 35 bern sitte... wy wolle elk bern ta syn rjocht komme litte. Wy wolle kwaliteit leverje, mar it wurdt no in bytsje roeie mei de riemen dy't we ha."

"Underwiis is safolle mear"

Master Andries hat nei in karriêre fan 20 jier as frachtweinsjauffeur bewust keazen foar it ûnderwiis. "Ik tocht: hee, der is wol mear. En dy passy liedt dan dochs rjochting it helpen fan minsken, fan bern. No sit myn famylje ek yn it ûnderwiis, dus dat sit miskien wol yn de genen. Dizze bern, groep 8, geane it oare jier de wide wrâld yn. It is ien en ien is twa, dat snap ik en dat snappe de bern ek, mar it ûnderwiis is safolle mear."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei master Andries fan PCBO De Spreng yn Drachten

Ek basisskoalle De Librije op De Gordyk is freed iepen mar wol mei allegear oanpaste lessen. De learlingen krije les fan âlden. Sa stie der al in kapitein foar de klasse en krije se in echte bootcamp foar de kiezzen.

Stake giet oer de rêch fan de âlden en de bern, seit direkteur Tjeerd Kuperus fan De Librije. "Dat is eins net wat we wolle. Wy wolle it leafst de bern harren gerak jaan en dat de âlden net de dupe binne fan dat wy in ferskil mei de minister ha. Dus we ha besocht om dat oars yn te klaaien."

"Dit moatte we faker dwaan"

De heiten en memmen wiene net fuortdaliks entûsjast, seit Kuperus, mar by in twadde oprop wiene der safolle oanmeldingen dat se net allegearre pleatst wurde koene.

Yn alle klassen binne in pear gastdosinten. "Dy âlden ha even harren nekke útstutsen en sjen litten dat se achter ús doelen dy't we as skoalle ha stean. It is in hiel positive ympuls op skoalle en we seinen: dit moatte we gewoan ek faker dwaan."

Direkteur Tjeerd Kuperus fan basisskoalle De Librije op De Gordyk

(advertinsje)
(advertinsje)