210 Friese Poort-studinten meitsje strân Skylge skjin

15 mrt 2019 - 13:55

Goed 200 studinten en tweintich begelieders fan ROC Friese Poort yn Drachten ha freed it strân fan Skylge skjinmakke. De studinten fan de oplieding Bouw-Infra ha guod út de konteners fan de MSC Zoe oprêden.

De aksje is op tou set fanwegen NLdoet. De studinten ha net allinnich it strân oprêden: der wie ek in ploech yn de bosk om dêr hout te seagjen en op te rêden. De skoalle wol studinten sjen litte wat der yn de wrâld bart en dat se solidêr wêze moatte mei oaren.

"It stiet fierder folslein los fan de stakingsdei freed", fertelde Henk de Vries fan ROC Friese Poort earder al. De skoalle fan ROC Friese Poort yn Drachten is freed dan ek gewoan iepen.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)