Trainer Olde Riekerink feroaret neat oan suksesfol SC Hearrenfean

SC Hearrenfean is dwaande mei in opmars yn de earedifyzje. De lêste trije wedstriden (Fortuna Sittard, Willem II en ADO Den Haag) waarden allegear wûn. Trainer Jan Olde Riekerink sjocht gjin reden om wizigingen oan te bringen. Sneon komt De Graafschap op besite yn it Abe Lenstra Stadion, de klup fan Drachtster trainer Henk de Jong.
© www.orange-pictures.nl
De Graafschap moat it foaral fan syn thúswedstriden ha, op frjemd terrein hat de ploech it dreech. Yn totaal hat De Graafschap yn tolve wedstriden mar fiif punten helle. Foar eigen publyk is de ploech suksesfoller, op de Vijverberg waarden oant no ta 17 punten helle. Dochs wie SC Hearrenfean earder dit seizoen op alle fronten te sterk foar de 'Superboeren'. Yn Doetinchem einige de wedstriid yn 5-0. Dat wie de iennichste kear dat Hearrenfean de nul hâlden hat dit seizoen.

Tsjindoelpunten

Hearrenfean is de 'spektakelploech' fan de earedifyzje. Sa hat de ploech al 56 kear doel troffen (allinnich PSV en Ajax ha mear doelpunten makke), mar ha se ek al 56 tsjindoelpunten krigen. Doelman Warner Hahn: "Het liefst houd ik natuurlijk elke wedstrijd de nul. Gelukkig winnen we de laatste wedstrijden, maar wel met te veel tegendoelpunten. Ik win liever met 1-0 dan met 4-3, maar er zijn denk ik ook heel veel mensen die liever een 4-3 wedstrijd zien. Aan de andere kant, zolang we blijven winnen vind ik het prima."
Warner Hahn
Ek Jan Olde Riekerink fynt dat syn ploech tefolle tsjindoelpunten krijt. It is dan ek in tema binnen de ploech. "Dit is ook na de laatste wedstrijd weer een item geweest. Maar het is lastig om er een vinger op te leggen. Vanaf het begin van het seizoen zijn het telkens andere oorzaken geweest. Soms is het de communicatie tussen de centrale verdedigers, dan weer de rugdekking van de backs of een individuele fout. Het is heel divers", sa seit Olde Riekerink.
Jan Olde Riekerink
Ferwachte opstelling: Hahn, Hornkamp (Schmidt), Høegh, Dresevic (Pierie), Woudenberg, Kobayashi, Rienstra, Vlap, Van Bergen, Lammers en Johnsen.
Foarôfgeand oan de wedstriid wurdt shorttracker Suzanne Schulting huldige. De Olympysk kampioene waard ferline wykein wrâldkampioene allround.