Epke Zonderland pleatst him as fjirde foar rekstôkfinale

15 mrt 2019 - 13:12

Epke Zonderland hat him freedtemoarn as fjirde pleatst foar de rekstôkfinale op de wrâldbekerwedstriid yn Bakoe, Azerbeidzjan, fan snein. Zonderland skoarde 14.216 punten. De Japanner Hidetaka Miyaichi wie mei 14.566 punten de sterkste by de kwalifikaasjes.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ljouwerter Rick Jacobs einige as 15e mei 13.929 punten.

Fan 14 oant en mei 17 maart wurdt de wrâldbekerwedstriid holden. It jier 2019 stiet foar de Nederlânske turners benammen yn it teken fan kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio.

By de wrâldkampioenskippen yn Stuttgart yn oktober 2019 wurde de Olympyske tickets ferdield. De Nederlânske ploech moat dan by de top tolve einigje om in teamticket nei Tokio te bemachtigjen.

(advertinsje)