Untslaggen Fryske Akademy needsaaklik om jildpine op te lossen

15 mrt 2019 - 12:01

De Fryske Akademy wol sa'n seis banen skrasse. Dat is nedich om wer finansjeel sûn te wurden. It wittenskiplik ynstitút yn Ljouwert jout struktureel mear jild út as dat binnenkomt, om krekt te wêzen sa'n 350.000 euro. As dizze situaasje te lang duorret, driget op termyn de finansjele ûndergong. Om dat probleem op te lossen, hat ynterim-direkteur Willem Smink yn septimber ferline jier op de Akademydei in reorganisaasjeplan presintearre yn oanwêzichheid fan deputearre Sietske Poepjes.

Om ek reorganisearje te kinnen, hat de Fryske Akademy tastimming en meiwurking nedich fan de provinsje Fryslân en fan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW), want dy binne tegearre baas oer it ynstitút. Smink hat hjirfoar ferline jier in reorganisaasjeplan mei in stikmannich fragen ynlevere op it Provinsjehûs en wachtet sûnt dy tiid op in antwurd fan deputearre Sietske Poepjes. Smink fynt it ferfelend dat dat sa lang duorret, want yn tuskentiid wurde de finansjele problemen fan de Akademy allinnich mar grutter.

800.000 foar reorganisaasje

"It wichtichste foar ús is dat der gau dúdlikheid komt", seit direkteur Smink. De direkteur hat berekkene dat hy ynsidinteel sa'n 800.000 euro nedich hat foar in reorganisaasje om it probleem struktureel op te lossen. Smink heakket der oan ta dat, ôfsjoen fan de jildpine, de Fryske Akademy goed prestearret. "Ferline jier binne der sa'n 120 publikaasjes ferskynd, wêrfan 60 wittenskiplik en 18 op heech nivo. De minsken wurkje hurd, ek al binne it foar harren ûnsekere tiden."

Foto: Erik en Petra Hesmerg

De Fryske Akademy en ek Smink hiene der op rekkene dat de provinsje yn alle gefallen noch dizze bestjoersperioade - dus foar de ferkiezings fan nije wike - mei in reaksje op it reorganisaasjeplan komme soe. "Dêr hoopje wy noch hieltiten op, mar it liket der net op." Om wer finansjeel sûn te wurden, wol Smink sa'n seis banen skrasse. Dat komt del op in lytse tsien persint fan it oantal meiwurkers.

Direkteur Willem Smink fan de Fryske Akademy

De finansiering fan de Fryske Akademy wurdt ornaris regele yn it ramt fan it fjouwerjierlikse Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Yn it yn novimber sletten nije bestjoersakkoart tusken de provinsje en minister Ollongren stie lykwols gjin oplossing foar de finansjele soargen fan de Fryske Akademy. Der is doe ôfpraat dat de belutsen partijen 'op koarte termyn' fierder prate oer hoe't it fierder moat mei it ynstitút.

De Fryske Akademy rjochtet him op it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, meartaligens en regionale skiednis. Ek jouwe se boeken, wurdboeken en taalhelpmiddels út en organisearje se sympoasia, lêzingen en wittenskiplike kongressen. De Fryske Akademy is oprjochte yn 1938 en sûnt 1990 liearre oan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen.

Foto: Erik en Petra Hesmerg
(advertinsje)