Marijke Roskam: "Alle frijwilligers fertsjinje in stânbyld"

15 mrt 2019 - 11:30

Se komme der wer oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Freed is Marijke Roskam, listlûker fan PvdA, oan bar.

Foto: Omrop Fryslân

Namme: Marijke Roskam

Leeftiid: 36

Wenplak: Koarnwert

Berop: deifoarsitter en kommunikaasje-adviseur

Hobby: boartsje mei myn soan

Partij: PvdA

Besjoch it partijprogramma fan de PvdA

Marijke, sizze wy do of jo?

"Do."

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

"Om't ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op Fryslân. De boarger dy't it ferskil meitsje wol foar har of syn doarp of wyk, dy moat de romte krije fan de provinsje."

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Alle frijwilligers dy't harren ynsette foar in bettere wrâld. Sy fertsjinje in stânbyld."

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

"Dan nimme we ferantwurdlikhyd foar grutte opjeftes, yn stee fan foarút skowe. En, we pakke mear soargen oan fan minsken. Genôch wenten foar jong en âld, minsken mei in krappe beurs dy't ek meidwaan kinne mei enerzjybesparjende maatregels."

Ik wol dat we in sosjale en duorsume fyzje ha op Fryslân.

Marijke Roskam fan de PvdA

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

"Sjoch ris om dy hinne. Litst ús natuer, taal en mienskip oer oan in noardlik lânsdiel? De gemeenten ha it al smoardrok mei grutte taken, hielendal nei alle weryndielings en mei de ferantwurdlikheid foar it sosjaal domein. Foar in fyzje op hiel Fryslân moatte minsken de tiid ha, dat dogge je der net even by."

Wurdt dyn partij en/of de kampanje ek sponsore of finansjeel stipe troch bedriuwen? Sa ja, hokker?

"Nee."

Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De wereld draait door' geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

"We binne Friezen, hè. Nochter. Dat kin ús neat skele. Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha."

Minsken yn Amsterdam moatte ek ris in fersetsje ha.

Marijke Roskam fan de PvdA

Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?

"Nei twa gleskes wyn kom ik de trep al net mear op. Op neisitsjes fan kongressen of gearkomsten sit ik dêrom altyd oan it wetter. Ik bin in goedkeapen ien, haha."

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?

"Farske skieppetsiis op bôle fan de waarme bakker. Bytsje sâlt derop, hearlik. By ús pake en beppe in traktaasje en no helje ik it ien kear yn it jier en sjoch ik even nei boppe."

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

"Omdat ik gjin politikus bin mei in dûbelde aginda en plannen foar myn eigen karriêre. Ik doch dit om't Fryslân djip yn myn hert sit en ik it bêste wol foar de Friezen. In sosjaal, betelber, kreatyf en duorsum Fryslân. Net stinne, mar stimme!"

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(advertinsje)