Hiele middei koade giel om hurde wyn
De KNMI warskôget foar hurde wynsjitten oant 90 kilometer de oere. Dêrom jildt oant 18.00 oere yn ús provinsje koade giel.
Benammen oan de ein fan de moarn soe it hurd waaie út súdwestlike rjochting. Middeis falle der ek buien en bliuwt de hurde wyn.
Letter op de middei nimt de hurde wyn ôf, mar yn it noarden fan Nederlân pas as lêst.