Sulver foar Alyda Norbruis op WK para-cycling yn Apeldoorn

15 mrt 2019 - 11:07

Alyda Norbruis fan Oerterp hat op it wrâldkampioenskip para-cycling yn Apeldoorn sulver wûn. De titel gie nei Amanda Reid út Australië, dy't mei in tiid fan 39.505 boppedat it wrâldrekôr fan Norbruis ôfpakte.

Norbruis seach harsels net as favorite, want troch in blessuere hat se in min jier efter de rêch. "Ik soe al enoarm bliid wêze mei in poadiumplak", sei se yn it foar. Normaal soe Norbruis ek fiif ôfstannen ride op it WK, mar dit wykein komt se allinnich yn aksje op de 500 meter.

Norbruis die yn 2012 foar it earst mei oan it WK baanhurdfytsen, dêr't se op de 500 meter goud en op de 3 kilometer sulver wûn. Ein 2015 stie de teller op mar leafst seis wrâldtitels en noch mear nasjonale titels.

Yn 2016 reizge se ôf nei Rio foar har twadde Paralympyske Spelen. Ek dêr behelle se twa kear in gouden en in brûnzen medalje. By de UCI Track Cycling World Cup yn Londen wie se ek de rapste en wie it goud foar har.

Tristan Bangma fan Donkerbroek kaam freedtemoarn yn aksje yn de kwalifikaasjes fan de 4 kilometer efterfolging. Hy sette dêryn de tredde tiid del. Freedtemiddei rydt er om de brûnzen medalje.

(advertinsje)
(advertinsje)