Fyts- en kuierorganisaasjes protestearje tsjin tichtgean Ofslútdyk

15 mrt 2019 - 11:02

Ferskate fyts- en kuierorganisaasjes protestearje tsjin it feit dat de Ofslúdyk fan 1 april ôf trije jier lang ôfsletten wurdt foar fytsers en kuierders. De organisaasjes stjoere in brief oan Rykswettersteat, wêryn't se ûnder oare freegje om in koartere ofsluting.

It giet om it Fytsersbûn, Wandelnet, it Landelijk Fietsplatform en it fytssportbûn NTFU. Njonken in koartere ôfsluting, wolle se it fytspaad ek graach iepen ha op 'pykmominten' en se freegje Rykswettersteat om kwalitatyf goede alternativen.

It fytspaad fan de Ofslútdyk giet ticht, omdat der wurke wurdt oan de dyk. Om de feilichheid foar it ferkear en de minsken dy't oan it wurk binne te garandearjen, moat it fytspaad ticht.

De organisaasjes fine in ôfsluting fan trije jier lykwols te lang, omdat it in populêr trajekt is foar fytsers en langeôfstânskuierders. Foar Wim Bot fan it Fytsersbûn wie de lange ôfsluting in ferrassing. "In het voortraject is dat nooit expliciet aan ons voorgelegd", seit er.

Foto: ANP

As alternatyf komt Rykswettersteat mei in fytsbus, mar dêr binne de organisaasjes net tefreden mei. "In feite wordt hiermee een van de belangrijkste recreatieve fiets- en wandelroutes van Nederland drie jaar lang zeer onaantrekkelijk, en dat is onwenselijk."

Fan freed 1 april 2022 ôf kin der wer gebrûk makke wurde fan it fytspaad. Boppedat komt der oan de kant fan de Waadsee oer de hiele lingte fan de Ofslútdyk in nij fyts- en kuierpaad. Dit paad wurdt de kommende jierren oanlein.

Trefwurden: 
Ofslútdyk fytspaad
(advertinsje)