Kollum: "Heksejacht"

15 mrt 2019 - 08:35

"In pear wiken lyn wie ik yn kastiel Helmond en dêr hiene se in tentoanstelling oer de terjochtstelling fan de saneamde heksen dy't yn dat gebied martele en fermoarde binne. Yn Cranendonk binne û.o. mem Margriet en dochter Heylken Brycken op 6 july 1595 ferbaarnd. Heylken wie doe noch mar 12 jier. Freeslike tafrielen en de list mei nammen wie lang.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Der wie ek in tentoanstelling oer 100 jier trouwen yn it kastiel. Ik lies yn in boekje it haadstik 'Leren met hém omgaan'. Der wie in trouskoalle dêr't de jonge froulju learden hoe't se húshâlde en itensiede moasten. 'Een goedgedekte tafel is het halve werk, de liefde van de man gaat na de wittebroodsweken regelrecht door de maag.' Se learden ek op poppen hoe't se har 'aanstaande man en gebieder' behannelje moasten, sa as 'het afborstelen van meneer'.

Ik tink wol gauris nei oer hoe't it west hat en hoe't it no is. Us beppes hiene bygelyks in hiel oar libben. Rangen en stannen bepaalden faak it libbenspaad en it leauwen spile in grutte rol yn 'e maatskippij. Us memmen hiene it alwer in stik makliker, al waard der noch wol ferwachte dat dy opholden mei wurkjen as se in poppe krigen en yn dy tiid koene in soad famkes net fierder leare.

Hoe oars wie dat mei myn generaasje. Famkes koene trochleare en studearje en ast mem waardst, hoegdest net perfoarst mear thús te bliuwen. Wat in wielde neffens oare tiden, mar dochs ha ik wol gauris it gefoel dat we wer hingjen bliuwe yn in bepaald patroan.

Alles kin yn ús maatskippij. We kinne tegearre wenje of 'latte', mei froulju trouwe, frjemdgean fia Second Love, karriêre meitsje en de mooglikheden binne ûneinich. Mar eins libje we no yn in omkearde wrâld want hjoeddeis is it hast net iens normaal mear om te sizzen datst graach mem wurde wolst of thúsbliuwe wolst by de bern. Nei alles wat froulju trochstien en oerwûn hawwe, giet de heksejacht gewoan troch.

We brâne elkoar no omraak ôf fan it perspektyf fan ús eigen realiteit út en it giet meastal oer watst wurde wolst, jild en karriêre meitsje. Eartiids hiest sels faak net in kar watst wurde woest want dat waard yn 'e widze al foar dy bepaalt en no't dy kar der wol is, wit in oar it wer better. Mar froulju binne oant no ta de iennichsten dy't bern krije kinne. Dy kar is net sa dreech.

Mem wêze wolle is in wêzentlik ûnderdiel fan ús natuer en ik begryp net wat der no sa achterhelle en konservatyf oan is ast dat op dyn eigen manier ynfolje wolst. Mar ek it parttime wurkjen leit ûnder fjoer, want dan hast te min ambysje en as immen fulltime wurket, dan fynt in oar it wer begrutlik foar de bern, ensfh! De druk om te prestearjen en alle ballen heech te hâlden is in ideale fiedingsboaiem foar in burn-out en sels dan is der wol wer immen dy't dy in oansteller fynt.

Nimmen is gelyk, dus litte we de kar fan in oar gewoan ris akseptearje sûnder dêr fuort in oardiel oan te hingjen. Miskien moatte we ek ris ophâlde oan bern te freegjen wat se wurde wolle. Neffens my kinne we better freegje wa't se binne. 'Wat is dyn talint en hoe en wêr wolst dat ynsette?'

Frijheid is de mooglikheid om wêze te kinnen wa'tst echt bist, èn om de pop te bestellen dy'tst graach ha wolst. Want de moderne manljuspoppen wurde bepaald net mear brûkt om 'meneer af te borstelen.' Die tiid ha we hân! Menear hat de broek no út, lit dat dúdlik wêze!"

(advertinsje)