Algemiene gearkomste KNKB: in lange sit mei de nedige frustraasjes

De Algemiene Ledegearkomste fan it keatsbûn KNKB waard tongersdeitejûn yn Rekreaasjesintrum Blomketerp yn Frjentsjer in lange sit. Benammen de útstellen dy't troch ferskate ferienings dien wiene, namen in protte tiid yn beslach. Pas om 23.45 oere koe foarsitter Wigle Sinnema de gearkomste ôfhammerje.
© Henk Bootsma
De útstellen dy't op de tafel kamen, giene oer saken dy't de keatswrâld al in skoft dwaande hâlde. Bygelyks in bettere ferhâlding tusken frijeformaasjepartijen en trochelkoarlotterspartijen by de manljus- en frouljushaadklasse. De balâns slacht no te fier út nei de frijeformaasjepartijen en dat moat oars, sa fûn keatsferiening Boalsert. Dy wol eins in ferhâlding fan 50-50.
Ek it KNKB is wol foar in bettere ferdieling, mar woe safier net gean as Boalsert. Argewaasje ûntstie der doe't in rûlaasjesysteem oan de oarder kaam. Dat betsjut dat alle ferienings in kear oan bod komme om in trochelkoarlotterspartij te organisearjen ynstee fan in frijeformaasjepartij.

Status aparte

Dit wie net nei it sin fan Bitgum, dy't fûn dat, op basis fan beslissings út 1999, de Van Aisma-partij de status fan 'klassiker' hat en dêrmei in status aparte hat. Dat fûn de gearkomste nei stimming ek. Dêrop luts Boalsert it foarstel yn, yn de gedachte dat dêrmei it punt fan de aginda wêze soe.
Dêr tocht KNKB-foarsitter Sinnema oars oer. Hy brocht de sjenswize fan it KNKB yn stelling en dat idee helle de einstreek. Fan 2020 ôf is de ferhâlding tusken frijeformaasjepartijen en trochelkoarlotterspartijen 20 om 10. No is dat noch 26 om 4.
© Henk Bootsma
In oar punt dat de nedige argewaasje joech, wie de fraach oft der foar de bûnspartijen, de Freulepartij (jonges) en de Ald-Meiers Partij (famkes), meardere partoeren út ien feriening meidwaan mochten. De argewaasje waard noch wat grutter doe't bliken die dat it net allinnich om jongereinpartijen gie (lykas de measte minsken tochten), mar ek om junioare- en senioarepartijen.

Prosedurele missers

Uteinlik kaam der út de stimming dat op de bûnspartijen yn alle kategoryen mear as ien partoer út ien feriening meidwaan mei. Foar de Freulepartij en de Ald-Meiers Partij wie dat noch in brêge te fier. Letter wurdt noch besjoen oft dy partijen yn itselde stramyn meidraaie sille.
Yn de eagen fan de foarsitter fan de Boalserter keatsferiening Lammert Leeuwen binne it allegear prosedurele missers. Hy spruts yn de rûnfraach hurde taal. Hy neamde it "minachting fan it haadbestjoer foar de ferienings". "Ik tink deroer om hjir net wer te kommen, op dizze gearkomste", sa sei Leeuwen.
© Henk Bootsma
It KNKB is dwaande mei it opstellen fan in plan om it tal leden wer op te skroevjen nei 15.000. In hiele opjefte. De ôfrûne jierren gie it ledetal omleech. Der binne no noch goed 10.000 leden by it KNKB.
It keatsbûn wol mei in werstrukturearring fan de federaasjes derfoar soargje dat de keatssport tichterby de keatser komt te stean. Fan de bûnte lapketekken fan trettjin federaasjes wol it KNKB ta nei fiif gruttere regio's.
Goed nijs wie der ek. Haadbestjoerslid Jan van Erve makke bekend dat it kontrakt mei haadsponsor FB Oranjewoud iepenbrutsen en ferlinge is oant 2022. It sponsorjild makket 43 persint diel út fan de folsleine begrutting fan it KNKB. Dy is krapoan acht ton. Der wurdt no 340.000 euro oan sponsorjild binnenhelle.