Plysje hâldt twa manlju oan dy't mei drugs op achter it stjoer sitte

15 mrt 2019 - 06:34

In 48-jierrige automobilist fan Ljouwert is tongersdei oanhâlden, om't hy ûnder ynfloed fan drugs efter it stjoer siet. De man waard op de Sudergrêftswâl oan de kant set. Hy wie ûnder ynfloed fan opiaten en kokaïne. Der is in bloedproef ôfnaam en de man krige in rydferbod foar 24 oeren.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

In 33-jierrige ynbrekker út it Drintske Súdlaren is tongersdei oanhâlden nei't hy op de N381 by Oerterp yn in stellen auto en ûnder ynfloed fan drugs in oanriding feroarsake. Tsjûgen wiisden de plysje derop dat de man gefaarlik ried. Yn de kofferbak waard ynbrekkersark fûn, wylst de auto fol lei mei stellen guod.

Ut ûndersyk die bliken dat de man de auto stellen hie by in soarchynstelling yn Siddeburen. De Drintske dief is yn it sikehûs yn Drachten behannele en sit fêst foar fierder ûndersyk. De stellen auto is yn beslach naam.

By de soarchynstelling waard in twadde stellen auto fûn. De plysje ûndersiket oft de oanhâlden man hjir ek by belutsen is.

Trefwurden: 
plysje Drachten Ljouwert drugs
(advertinsje)
(advertinsje)