Reedrydtoppers oan de start by De Zilveren Bal yn de Elfstedenhal

14 mrt 2019 - 21:50

Yn De Elfstedenhal yn Ljouwert wurdt freedtejûn it reedrydseizoen ôfsletten mei De Zilveren Bal. It giet om de fjirde edysje fan it toernoai. By de dielnimmers sit ûnder oaren Michel Mulder, dy't syn titel komt ferdigenjen. Ek oare bekende riders as Hein Otterspeer, Anice Das en Kai Verbij dogge mei.

Foto: Vincent Riemersma/De Zilveren Bal

Dêrneist is der in tal bûtenlânske dielnimmers en dogge de nije wrâldkampioenen junioaren Femke Beuling, Femke Kok en Michelle de Jong mei. It toernoai begjint om healwei achten.

Sneon is der ek noch in edysje foar de junioaren.

(advertinsje)
(advertinsje)