Brieven fersetsstrider Santema nei Tresoar: "Hy seach dat it de ferkearde kant op gie"

15 mrt 2019 - 08:44

Tresoar krijt foar it earst brieven fan fersetsstrider Willem Santema yn besit. De yn Skearnegoutum berne Santema siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Raad van Verzet. Yn dy perioade wenne Santema yn Snits. De ein fan de oarloch helle hy net, want op 10 augustus 1944 waard er fusillearre yn Vught.

Foto: Omrop Fryslân

Otto Kuipers oer de brieven

"It wie eins de bedoeling dat Santema boer wurde soe. Mar hy hie in grutte passy foar radio's en auto's. Sa hat hy mei syn Chevrolet yn de jierren 30 al yn Dútslân en Hongarije west", fertelt Otto Kuipers fan Tresoar.

"Foaral Dútslân hat grutte yndruk op him makke, wat dêr barde ûnder Hitler. Hy seach dat it de ferkearde kant op gie. Hy hat minsken warskôge foar de Nazi's. It ferhaal giet ek dat hy foar de oarloch al op de swarte list stie fan de Dútsers."

De brieven binne yn besit fan Tresoar kommen mei de help de famylje fan Jan de Rapper, in oare fersetsman fan Snits. Hy wie as monteur yn tsjinst yn Santema syn radiosaak. Santema iepene letter in twadde saak en dêr waard De Rapper filiaalhâlder fan. Dat twadde filiaal waard in wichtich kontaktpunt foar it ferset. De Rapper wenne boppe de saak en dêr kaam it ferset by elkoar. Ek waarden der wapens ûnderbrocht.

Finzenis

Santema gie nei Amsterdam, omdat hy yn Fryslân te bekend waard. Dêr hope hy feiliger te wêzen. Mar dochs waard hy yn 1943 oppakt. Hy hat op ferskate plakken yn de finzenis sitten.

It giet om twa brieven. Ien dêrfan is neffens in saakkundige net orizjineel, mar letter oerskreaun. De oare brief liket wol orizjineel en is wierskynlik skreaun doe't Santema finzen siet yn Kamp Vught. De brief wie net sensurearre. "De brief is net fia de offisjele kanalen ferstjoerd. Wierskynlik is de brief troch ien út de finzenis smokkele en sa by de famylje telâne kommen."

(advertinsje)