Ofrit N31 by Ljouwert ôfsletten fanwege wetteroerlest

14 mrt 2019 - 20:19

Rykswettersteat hat de ôfrit Ljouwert-west yn de N31 tongersdeitejûn ôfsletten fanwege wetteroerlêst. It fiadukt dêr't de ôfrit ûndertroch giet, kin de protten reinwetter fan de lêste dagen net mear oan.

De ôfsletten ôfrit yn de N31 - Foto: Kappers Media

Nei alle gedachten is in steuring of ferstopping de oarsaak fan de wetteroerlêst. Der is in monteur oproppen om de problemen te ferhelpen. Hoe lang dat duorret is net bekend.

Ek op de oare helte fan de wei stiet wetter. Mar omdat it dêr om de flechtstreek giet, hat ferkear dêr gjin lêst fan.

(advertinsje)