"Dizze minsken fertsjinje ek in plakje op de arbeidsmerk"

14 mrt 2019 - 19:54

Twahûndert Fryske bedriuwen binne tongersdei yn it ramt fan de 'Dei fan de 1000 foarbylden' yn it sintsje set, om't se wurknimmers yn tsjinst ha dy't normaal lestiger oan in baan komme kinne. Tink dêrby bygelyks oan minsken mei in geastlike beheining of minsken dy't yn harren libben fan alles meimakke ha. De dei is in inisjatyf fan Fryslân Werkt, in organisaasje dy't yn de provinsje in soad docht om foar dizze minsken wurkplakken te finen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ien fan de ûndernimmers dy't gearwurket mei Fryslân Werkt is Ronald Nicola. Hy giet oer de wurkpleatsen fan alle Fryske Opel-dealers. Hy hat ûnder oaren Mehreatab en Nyi Nyi yn tsjinst. De twa manlju meitsje auto's skjin en soargje derfoar dat se nei de showroom ta riden wurde. "It befalt hartstikke goed. It is in hiele noflike gearwurking. Ik fyn ek dat dizze minsken, dy't oars lestich oan wurk komme kinne, seker in plakje fertsjinje op de arbeidsmarkt", fertelt Nicola.

Tsjintwurdich is der ek krapte op de arbeidsmarkt, dus neffens him kinne dizze minsken in útkomst biede foar de bedriuwen sels. "Fia in normale wei wie it hiel lestich om minsken te finen. De gemeente hie ferskate minsken dy't in útkearing krigen, dus ha we sjoen oft der in match tusken siet mei ús bedriuw."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ronald Nicola fertelt wêrom't hy mei Fryslân Werkt gearwurket

In oar bedriuw dat yn it sintsje set waard, is Koopmans & Zwart. Dêr krige Sjirk Seinen, direkteur fan it bedriuw, in presintsje fan Fryslân Werkt. Seinen fynt de maatskiplike wearde fan syn bedriuw wichtich. "We binne in kommersjeel bedriuw, mar wy ha ek te soargjen foar minsken dy't troch omstannichheden lestiger oan in baan komme kinne."

Hy fynt foaral de gearwurking mei de gemeente en Fryslân Werkt hiel moai, om't hy dêrtroch wit oft der minsken binne dy't miskien in oanfolling binne foar it bedriuw.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Sjirk Seinen kriget in presintsje fan Dirk Westerhof

(advertinsje)