"Fryske boek is net sichtber genôch en dêrom is bettere promoasje nedich"

It Fryske boek moat mear en better oan de man brocht wurde, fynt skriuwster Jetske Bilker. Utjouwers, media en boekwinkels binne dêr neffens har ferantwurdlik foar. Bilker sette it boekewikegeskink 'Jas van belofte' fan Jan Siebelink oer nei it Frysk. Neffens har binne in soad skriuwers net berne as poadiumdieren en fine sy it dreech om harren boeken oan de man te bringen. Dat soe in taak wêze moatte fan de útjouwer, mar dêr is net altyd genôch tiid en jild foar.
It Fryske Boek
"De útjouwers ha it dreech. Se wolle fan tefoaren al witte: is dit in sukses of net. Dan is it ja of nee", seit skriuwer Willem Schoorstra. Neffens him is it al jierren sa dat skriuwers harren boek sels promoatsje moatte. "As it net yn dyn karakter sit is it dreech, mar dingen binne te learen."

Muzikale toernee

Schoorstra makket tegearre mei muzikant Jack Bottleneck in toernee troch Fryslân om syn kadoboek ROSMOS muzikaal te promoatsjen. "Watst skreaun hast, dêr moatst de aktiviteiten omhinne bouwe." Hy hat carte blanche krigen fan de promoasje-organisaasje om sels te bepalen wat hy woe en dat wurket neffens him it bêste.
Bilker hat sels ek gjin problemen om harren boeken oan de man te bringen. De oplage fan 500 boeken fan har roman 'It libben fan in oar' is op 25 stiks nei hielendal ferkocht. Se hat in presintaasje jûn oer har boek, stikjes binne neispile troch akteurs en op sosjale media hat se minsken útnûge om dêr by te wezen.
© Omrop Fryslân
Beide skriuwers binne it der oer iens dat de boekhannels mear dwaan kinne om Fryske boeken in folweardich plakje yn de winkel te jaan. Mar it begjint by in goed boek. De kwaliteit fan de Fryske boeken leit net heech en dat is de basis, fine sawol beide skriuwers as ek útjouwer Steven Sterk.

Eigen inisjatyf

Bilker mist foaral it redakteurswurk fan eartiids. "Dat se neist je sitten gongen, alinea foar alinea sjen wat derút kin. Mar dêr is gjin jild en tiid mear foar, bin ik bang." Dus sille Fryske skriuwers foaral sels in soad inisjatyf nimme moatte én goede boeken skriuwe, om harren boeken oan de man te bringen.