Bangma en Norbruis oan de foarjûn fan it WK yn eigen lân

14 mrt 2019 - 19:14

It WK para-cycling yn Apeldoorn set freed útein mei twa Friezen oan de start: Alyda Norbruis fan Oerterp en Tristan Bangma fan Donkerbroek. Bangma wol syn earste mondiale titel pakke. Norbruis hat al faak wrâldkampioen west en hat dit jier in protte lêst hân fan in blessuere.

De Fryske hurdfytsers sitte yn in hotel, om har sa optimaal tariede te kinnen op it wichtichste toernoai fan it jier. "Het is wel gek om thuis je koffer in te pakken en 'm een paar meter verderop weer uit te pakken", seit de 21-jierrige Bangma. "Maar het is fijn om in een hotel te zitten en hier de laatste voorbereiding op het WK te doen."

Foto: Omrop Fryslân

Bangma komt alle dagen yn aksje. Te begjinnen mei de 4 kilometer efterfolging, freed. "Ik denk dat we er heel goed voorstaan." Mei 'we' doelt er op himsels en syn piloat, Patrick Bos. Bangma is net hielendal blyn, mar sjocht net in protte mear. "Ik rin net tsjin dingen oan. Ik sjoch it wol as der wat stiet, mar net wat it dan presys is."

De Fries hopet op syn earste WK-titel. Hy wie faak tichteby, mar noch nea de bêste fan de wrâld. "Je weet niet wat de concurrentie doet, maar ik probeer vooral bezig te zijn met onszelf. Ik heb meerdere WK-medailles, alleen de gouden ontbreekt nog. Het zou fantastisch zijn om dat hier voor eigen publiek waar te maken."

De tarieding wie yn alle gefallen goed. "We hebben er in elk geval alles aan gedaan. We hebben een goed trainingskamp gehad in Portugal, alles is goed verlopen. Nu afwachten wat het oplevert." En dat it WK yn eigen lân is, makket it noch wat spesjaler. "Dat is ontzettend gaaf. Ik heb familie, vrienden en sponsoren allemaal uitgenodigd."

Foto: Omrop Fryslân

Ik bin bliid dat ik dwaan kin wat ik it alderleafste doch: hiel hurd fytse.

Alyda Norbruis

Norbruis hat al meardere wrâldtitels efter har namme stean. Dit WK sjocht se harsels lykwols net as favorite, want troch in blessuere hat se in min jier efter de rêch. "Ik soe al enoarm bliid wêze mei in poadiumplak."

Normaal soe Norbruis ek fiif ôfstannen ride op it WK, mar dit wykein mar ien: de 500 meter sprint. Dy is freed. "Ik hoopje dat ik wat moais delsette kin", seit de regearjend olympysk kampioene. "Mar ik sjoch my ditkear net echt as titelkandidaat. Ik bin gewoan bliid dat ik dwaan kin wat ik it alderleafste doch: hiel hurd fytse."

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby.

Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)