Proef mei spesjale sûger op Skiermûntseach om oanspield plastic op te romjen

14 mrt 2019 - 18:48

In saneamde meanklepelsûger liket in goede wize om in grut part fan it oanspielde plastic oan de kust fuort te heljen. In proef yn de dunen fan Skiermûntseach die tongersdei fertuten. It Harnzer bedriuw BDS is ynhierd troch Natuurmonumenten om it apparaat út te probearjen.

De klepelsûger snijt in laach fan somtiden wol 40 sintimeter ôf en sûcht dat op yn in bak. Doe't dy leechkipere waard, die bliken dat oant wol 80 persint fan it plastic meikommen is. It liket dus in goede metoade om yn kombinaasje mei oare techniken fan it plastic ôf te kommen dat nei de kontenerramp yn de kustgebieten leit.

BDS wol foar it broedseizoen begjint, kilometers kust opromje. In hiele put, hielendal mei dit waar, want troch it reinwetter is de laach mei gers, sân, plastic en oar oanspield guod swier wurden. It bliuwt dan ek geregeld sitten yn de sûchbuis en moat dan los skodde wurde.

Nei it meanen is 80 persint fan it plastic fuort. - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(advertinsje)