Swimbad De Rolpeal mei in dei fertraging wer iepen
Mei in dei fertraging koe swimbad De Rolpeal yn Warkum tongersdei de doarren wer iepenje foar it publyk. It wie de bedoeling dat it swimbad woansdei wer iepengie, mar troch in technysk probleem wie de luchtfochtichheid fierstente heech.
Bedriuwslieder Martin Roef fan de Rolpeal
Der moast in ûnderdiel besteld wurde en dat soe tiisdei ynstallearre wurde. By levering die lykwols bliken dat it net it goede ûnderdiel wie en der moast dus wer in nij ûnderdiel komme. Dat is ynstallearre en de luchtfochtichheid is no wer op normaal peil.
It swimbad wie sûnt begjin ferline wike ticht fanwege de technyske problemen.