SC Cambuur wol publyk einliks ris oerwinning jaan tsjin Jong PSV

14 mrt 2019 - 17:52

SC Cambuur hopet freed yn de thúswedstriid tsjin Jong PSV einliks ris thús in wedstriid te winnen. De lêste oerwinning yn Ljouwert datearret fan 2 novimber 2018, doe't Jong Ajax ferslein waard. Neffens trainer René Hake, dy't nei dit seizoen fuortgiet by Cambuur, hat it publyk wol ris in oerwinning fertsjinne.

De Ljouwerters misse noch wol in oantal spilers. Jordy van Deelen, Robert van Koesveld, Kevin Schindler en Issa Kallon binne al langer blessearre. Dêr is dizze wike ek Tyrone Conraad by kaam mei in rêchblessuere. Dêrnjonken mist ek Emmanuel Mbende, dy't skorst is. Conraad wurdt ferfongen troch Kevin van Kippersluis en Mbende troch Matthew Steenvoorden, dy't weromkomt fan in blessuere. De oare njoggen spilers binne deselden as ferline wike tsjin RKC Waalwijk.

Hake hopet dat syn ploech it thúspublyk einliks ris juiche litte kin: "Dat zou wel lekker zijn ja. Dat wil je het publiek thuis graag geven. We moeten zorgen dat wanneer we in een goede zetel zitten, het ook over de streep trekken. Net als vorige week", ferwiist de trainer nei de útwedstriid tsjin RKC, dy't mei 2-0 wûn waard.

Tongersdei krige de spilersgroep fan Cambuur te hearren dat Hake nei dit seizoen fuortgiet. Neffens de oanfierder, Robbert Schilder, wie de skok ûnder de spilers net hiel grut. "Het is een andere situatie wanneer de trainer wordt ontslagen. Dat komt vaak heel hard aan binnen een groep. Je weet dat er gesprekken volgen en de technische staf is dan als eerste aan de beurt."

Schilder wol, lykas Hake, it thúspublyk wat sjen litte. "Maar dat roep ik natuurlijk al weken. Het moet maar eens echt gaan gebeuren. We hebben vorige week een goed gevoel over gehouden aan de overwinning. Dat hoop ik tegen Jong PSV te voelen in de wedstrijd. Dat we net een beetje extra vertrouwen en geloof hebben. Dat is net het kleine beetje, waarvan ik het gevoel had dat het er de afgelopen tijd aan ontbrak. Daardoor wonnen we een wedstrijd niet in plaats van wel. Ik hoop dat we dat nu wel hebben", seit de ferdigener.

Foto: Orange Pictures

De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong PSV set freedtejûn om 20.00 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(advertinsje)
(advertinsje)