Underwiis fiert freed op 'e nij aksje, sechstich Fryske basisskoallen ticht

14 mrt 2019 - 17:36

Sa'n sechstich Fryske basisskoallen binne freed ticht. Der wurdt staakt foar minder wurkdruk en in bettere kwaliteit fan it ûnderwiis. Ek dosinten út it middelber en heger ûnderwiis stake mei. Dy skoallen binne wol iepen en wurkje mei oanpaste roasters.

De need op de skoallen is noch hieltyd heech. It slagget kwealik om op tiid ferfangers te finen by sykte. De ôfrûne tiid is al wol ekstra jild beskikber kaam, mar dat hat amper effekt.

"Sa'n effekt is der ek net samar", seit Johanna Venema. Se wurket by skoallekoepel Proloog yn Ljouwert en is dêr ferantwurdlik foar de ferfanging fan sike learkrêften. "It slagget gewoan net altyd om ien foar de klasse te krijen. Je wolle de bern ek net nei hûs stjoere, dus binne je ek faak op syk nei oare oplossingen."

Dy besteane dan út it foar de klasse setten fan assistinten. "Dy binne dêr allinnich net foar bedoeld. Want dan ûntnimme je ek in oare klasse goed ûnderwiis en komme je oan de kwaliteit", seit Venema.

As ynfalmaster altyd oan de bak

Har kollega-direkteur Joop Boomsma wurket oardel dei yn de wike as ynfalmaster. Sûnt it begjin fan dit skoaljier is hy al dy dagen ynset foar de klasse. "Somtiden ha ik wolris in direkteure-oerlis op ien fan dy dagen en dan binne se by de planning net bliid."

In soad learkrêften yn sa'n pûl fan ynfallers steane ek by oare skoallen op de list. Venema: "Dan binne der meardere partijen oan it angeljen nei deselde fisk."

Karel Beke, direkteur fan OBS 't Partoer yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei aksjefierders

Karel Beke, direkteur fan OBS 't Partoer yn Burgum, stiet foar in lege klasse. "Gisteren heb ik de ouders moeten vertellen dat de kinderen vandaag vrij zijn. Het lukte niet om een vervanger te vinden. Dit doet pijn, want dit wil je gewoon niet." Der moat neffens him gau wat feroarje. Benammen om't it tekoart oan goed personiel yn de takomst allinnich mar grutter wurdt.

Fiiftûzen klassen nei hûs

"Bedenk dat er een tekort dreigt aan vijfduizend leraren", seit Beke. "Dat zijn kort door de bocht dus vijfduizend klassen die geen les kunnen krijgen. Dan heb je een groot probleem." Dat is ek de reden dat hy en de beide oaren de aksje stypje. "As je it fak finansjeel oantreklik meitsje en de wurkdruk leech hâlde kinne, dan wurdt it fak wer oantreklik", seit Boomsma.

(advertinsje)