Nasjonale evenemintepriis foar Reuzen yn Ljouwert
It optreden fan de Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert hat yn de kategory bêste publyksevenemint in nasjonale evenemintepriis wûn. Neist de Reuzen wiene ek de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Zaanstad en de finish fan de Volvo Ocean Race yn Den Haag nominearre. De priis is tongersdeitemiddei útrikt op in evenemintekongres yn Deventer.