Meldkeamer 112 wit tenei wêr't beller is

14 mrt 2019 - 16:19

It sil je mar barre. Yn panyk 112 belje en de fraach krije wêr'tst bist. Somtiden witte minsken it net, of is it lestich út te lizzen. Om dat probleem foar te kommen hawwe se by de 112-meldkeamer in nij systeem, dêr't se automatysk sjen kinne wêr't in beller is.

Dat kin mei de saneamde AML (Advanced Mobile Location) technyk. Dat systeem brûkt WiFi- en GPS-sinjalen fan de mobile telefoan dêr't mei belle wurdt. Dy gegevens wurde automatysk nei de sintralist fan de meldkeamer stjoerd. Sa wurdt dúdlik wêr't de telefoan, en dus ek de beller, is.

"Essentieel: ambulance naar juiste locatie sturen"

Op de meldkeamer yn Drachten binne se tige wiis mei it nije systeem. "Het helpt vooral als mensen niet weten waar ze exact zijn. Bijvoorbeeld als ze bellen wanneer ze in het bos zijn, of als ze aan het fietsen of varen zijn," sa seit sentralist Robert Tichelaar. "Voor ons is het essentieel dat wij de ambulance naar de juiste locatie sturen. Ik ben er heel blij mee."

Der is mear as in jier wurke om it systeem wurkjend te krijen. Neffens Marjan Dol fan de meldkeamer yn Drachten komt dat omdat der in soad partijen belutsen binne by de ûntwikkeling fan it systeem. "Dit had eigenlijk eerder gemoeten. Maar het is een complex traject. Er is overleg nodig met providers en met landelijke organisaties die hierbij betrokken zijn."

Foto: Bauke Deelstra, Omrop Fryslân

Dat it in komplekske saak is, blykt wol út it feit dat net alle telefoans geskikt binne foar it systeem. "Op dit moment is het alleen mogelijk om de locatie te bepalen van telefoons met een besturingssysteem van Android. En dan gaat het om nieuwere systemen, versie 4.0 en hoger."

Foar telefoans mei it bestjoeringssysteem fan Apple, iOS, is it op dit stuit noch net mooglik om de lokaasje te bepalen. Dêr wol Dol sa gau as mooglik feroaring yn bringe: "We zijn heel erg blij dat het voor Android gerealiseerd is. De verwachting is dat het ook voor Iphone gerealiseerd wordt aan het eind van 2019."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra seach by de meldkeamer yn Drachten

Trefwurden: 
Drachten meldkeamer 112
(advertinsje)
(advertinsje)