Bysûnder: Broedsje fûn yn Filenspolder by Wytmarsum

Yn de Filenspolder by Wytmarsum is tongersdeitemiddei in broedsje oantroffen. It nêst mei fjouwer ljipaaien waard fûn troch Jelle Hibma.
© Jelle Hibma
Neffens it BFVW is it betiid yn it jier dat der in broedsje fûn wurdt. Ferline wike waard der in trijke fûn yn Riis en in twake yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Frije fjild sletten

Tongersdeitemoarn waard it lêste ljipaai fan Fryslân yn 'e buert fan Achlum fûn. Sûnt de fynst fan alle earste ljipaaien is it frije fjild no yn de hiele provinsje sletten. De ljipaaien wurde no ynboekt yn de registraasje-app fan it BFVW troch neisoargers.

Alderearste ljipaai

It alderearste ljipaai fan Fryslân waard ein febrewaris al fûn troch Eduard van der Hoek. Hy trof it aai oan yn de greide by Vegelinsoard yn De Fryske Marren en krige de Sulveren Ljip útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. It aai by Vegelinsoard wie dit jier ek it earste aai fan Nederlân.