Wynenerzjy: hoe tinke de Fryske partijen dêroer?

14 mrt 2019 - 16:01

Der moatte de kommende jierren noch hiel wat wynmûnen by komme, wol Nederlân de doelstellingen fan it enerzjyakkoart helje. Deryn stiet dat der yn ús lân yn 2030 sa'n fyftich persint minder enerzjy brûkt wurde moat yn fergelyk mei 1990. Mar wynenerzjy leit gefoelich. Hast altyd as der nije plannen binne, komt der protest. En dus is wynenerzjy ek in wichtich punt by de steateferkiezingen dy't takom wike foar de doar steane.

De FNP wol gjin nije mûnen op lân. Besteande mûnen meie ferfongen wurde, mar net troch hegere eksimplaren. "Wy wolle fan Fryslân gjin enerzjyfabryk meitsje", seit deputearre en listlûker Johannes Kramer. Wynmûnen op see, dêr set de partij op yn. It Fryske lânskip moat beskerme wurde.

Op see

Ek de VVD wol leaver nije wynmûnen op see. Der is wol wat romte foar mûnen dy't net heech binne, bygelyks by buorkerijen. Mar fierder is de see it plak dêr't nije mûnen komme moatte, fynt listlûker en deputearre Klaas Kielstra. Hy sjocht op lân benammen mooglikheden foar nije techniken, dy't yn ûntwikkeling binne. Ek troch besparring is noch grutte winst te heljen.

It CDA stiet dêr net fier fanôf. Doarpsmûnen meie ek heger, as der stipe troch de mienskip is. De partij wol leaver gjin nije wynmûneparken op lân. Ferrommelje fan it lânskip mei net, dêr moat goed nei sjoen wurde. En benammen ek sa folle mooglik mûnen op see.

Provinsje as inisjator

Deputearre Michiel Schrier fan de SP wol de minsken meinimme, betiid by plannen belûke, lokale inisjativen omearmje en as provinsje ek partisipearje as ynvestearder. Hy nimt it nije wynpark Fryslân yn De Iselmar, dêr't de provinsje ek yn partisipearret, as foarbyld. Mar neffens Schrier kin de provinsje sels ek as inisjator optrede. Mûnen op see hawwe de foarkar, mar dêr is net genôch romte om oan alle easken te foldwaan.

Marijke Roskam, listlûker fan de PvdA, wiist der op hoe wichtich it is om minsken by harren inisjativen oan te moedigjen om de enerzjytransysje slagje te litten. De mûnen moatte jild opsmite dat wer ta goede komt oan de minsken en de doarpen. De see is prima, mar djoer en der binne net genôch gaadlike plakken om alle mûnen te bergjen. Dus wynmûnen op lân binne nedich, mar it moat jild opleverje foar de minsken.

Ek op lân

GrienLinks giet noch in stapke fierder. Doarpsmûnen en enerzjykoöperaasjes binne prima en moatte stipe wurde. Mar mûnen by yndustryterreinen, by sneldiken en kanalen binne ek nedich om de enerzjydoelstellingen te heljen, seit listlûker Matthijs Sikkes-van den Berg.

(advertinsje)