Feroarsaker brân yn Drents-Friese Wold krijt tbs oplein

14 mrt 2019 - 15:21

In 27-jierrige man út Appelskea is ta tbs feroardiele foar it feroarsaakjen fan twa brannen yn it Drents-Friese Wold op 24 july ferline jier. Ek krige hy 232 dagen selstraf. Dat is gelyk oan de tiid dy't de man yn foararrest sitten hat en dêrom hoecht er net de sel yn.

Natuerbrân - Foto: Omrop Fryslân

Mei de útspraak nimt de rjochtbank it advys fan saakkundigen oer. Ek moat de man him klinysk behannelje litte. Ut ûndersyk die bliken dat hy in ferstanlike beheining hat. Fierder binne by him ferskate steurnissen konstatearre, sa as depressiviteit en in posttraumatyske stresssteurnis.

Sigarettepeuk de oarsaak

De brannen binne nei alle gedachten ûntstien, omdat de man in sigarettepeuk fuortsmiten hat. De brânwacht hie it fjoer frij gau ûnder kontrôle. By de iene brân brânde sa'n 15 kante meter natuergebiet ôf, by de oare brân giene wat beammen en strûken ferlern.

Dat der net mear skea ûntstien is, wie neffens de rjochtbank 'tafal'. Sa hie de brân him neffens de rjochter maklik útwreidzje kinnen nei twa soarchynstellingen yn de buert fan it Drents-Friese Wold.

(advertinsje)
(advertinsje)