Fryslân's Most Wanted: De wetternavel, de reuzebeareklau en de wetterkrassula
It Wetterskip Fryslân, Caparis en Empatec sille de striid oangean tsjin eksoatyske plantesoarten yn de Fryske natuer. Om dat foarinoar te krijen ha se tegearre it bedriuw Grienskip oprjochte. Grienskip moat derfoar soargje dat bygelyks de grutte wetternavel him net fierder ferspriede kin yn ús provinsje.
It nije bedriuw begjint yn Damwâld mei it opromjen fan it grien. Dêr ha se bot lêst fan de grutte wetternavel. Dat is in plant dy't út Noard-Amearika komt en hjir sleatten folslein oerwoekeret. Sa is der gjin romte mear foar oare planten en bistjes. Ek foar de trochstreaming fan wetter hat de grutte wetternavel negative gefolgen.
Ek oare soarten oanpakke
De grutte wetternavel is net de iennichste eksoatyske plant dy't yn Fryslân de natuer bedriget. Ek soarten as de wetterteunisblom, de reuzebeareklau en de wetterkrassula kinne grutte problemen opsmite.
Mei de kampanje 'Fryslân's Most Wanted' wol Grienskip de gefaren fan eksoatyske soarten foar de Fryske natuer ûnder de oandacht fan it grutte publyk bringe.