HEA! De kamiel fan De Geast
Hy hjit Jappie en hy lústeret net sa goed. De kamiel fan de famylje De Groot fan Rinsumageast. Frou de Groot wie it der net mei iens, heit en de bern like it machtich ta, sa'n eksoatysk bist by de pleats. En sa waard de kamiel kocht op Marktplaats. Jappie komt út in sirkus, mar lit him net samar beride.