Enerzjykampus op Skinkeskâns begjint foarm te krijen

14 mrt 2019 - 13:34

De ûntwikkeling fan de enerzjykampus op de âlde ôffalstoart Skinkeskâns oan de râne fan Ljouwert krijt stadichoan foarm. It projekt fan duorsumensadvysburo Ekwadraat út Ljouwert en bouwer Oosterhof Holman fan Gytsjerk rjochtet him hielendal op ynnovaasjes op it mêd fan duorsume enerzjy.

It nije haadkantoar fan Ekwadraat moat mids augustus klear wêze. Ek de yngenieurs fan Oosterhof Holman en in tal kennisynstellings sille dêr in plakje fine. Mar achter de skermen bart der folle mear en wurdt folop wurke oan de ynfolling fan de kampus, seit direkteur Douwe Faber fan Ekwadraat.

Sa komt der in sinnepark en in wetterakku, in soarte fan fiver dêr't enerzjy yn opslein wurde kin. Yn 2020 moat de bou fan in biogassintrale úteinsette. Op in spesjaal stik fan de kampus sille pilots opset wurde foar nije foarmen fan enerzjyopwekking lykas in hegetemperatuerfergasser.

Foto: Omrop Fryslân

Pilots op 'e kampus hoege net út te wiken nei in oare lokaasje as se suksesfol binne en útwreidzje wolle. Op de kampus sels is genôch romte. De provinsje hie earst betinkingen oer de kampus, omdat dizze op in stoart boud wurdt en der gjin fersmoarging optrede mei.

"Troch de ynnovative wize fan bouwen, is dat oplost", seit deputearre Klaas Kielstra. Ek siet de provinsje net te wachtsjen op wer in bedriuwsterrein, omdat der genôch romte yn Ljouwert is.

Mar beide beswieren binne fan tafel. Kielstra is tsjintwurdich tige wiis mei de kampus. "Nije inisjativen op it mêd fan enerzjy en duorsumens kinne hjir yn gearwurking ûntstean en sa nedich ek opskale. Dat is prachtige ontwikkeling foar Ljouwert en foar Fryslân", seit hy.

(advertinsje)
(advertinsje)