Heech wetter yn Fryslân: Wetterskip slút kearslûzen

De oanhâldende rein en hurde wyn soargje op ferskate plakken foar wetteroerlêst. It wetterpeil yn de Fryske boezem stiet aardich heger as it normale peil. Net allinnich gemalen wurde ekstra ynset, ek de kearslûzen wurde sletten.
Wetterskip slút kearslûzen
Op it stuit stiet it wetterpeil tsien sintimeter heger as normaal. It Woudagemaal by De Lemmer is foarige wike al ûnder stoom brocht. Tongersdei waard ek it gemaal De Heining by Marrum oansetten. "De Heining draait no op folle kapasiteit", fertelt Hein de Jong fan it Wetterskip. "De testfaze hiene wy al hân. It rint altyd oars, mar it giet prima."
De provinsje hat fjouwer kearslûzen by Goaiïngaryp, De Broek, De Jouwer en Lange Sleat tichtsetten. Sadwaande bliuwt it peil yn dat kompartimint lyk.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Hein de Jong fan Wetterskip Fryslân
It sil de kommende dagen noch wol wiet bliuwe en de wyn jout him ek noch net del. "Op dit momint binne we kontinu oan it monitoarjen wat der barre moat. We ha it goed ûnder kontrôle", seit De Jong. "We ha wol wat lêst fan ferstoppe dûkers, en dêrom is der pleatslik wol wat oerlêst."
Sa'n soad rein, dat moat goed wêze foar it grûnwetterpeil dat sa leech stiet nei de drûchte fan de ôfrûne simmer. "Dit helpt behoarlik. It neidiel is dat der in hiel soad yn ien kear komt." Dêrtroch hat it hast gjin tiid om yn 'e grûn te sakjen, want it wurdt gau wer ôffierd.
"Nije wike komme de resultaten fan de grûnwetterstannen binnen en dan kinne we de balâns opmeitsje fan wat it no echt opsmiten hat", beslút De Jong.