Ek Intertoys oan de Centrale yn Ljouwert ticht, nei Drachten en Wolvegea

De winkel fan Intertoys oan de Centrale yn Ljouwert wurdt ek sletten. Dat hat Intertoys tongersdei bekend makke. Ferline wike waard al dúdlik dat ek de winkels oan de Noorderbuurt yn Drachten en yn Wolvegea ticht gean sille.
© ANP
Yn de winkels dy't sletten wurde, is de kommende tiid opheffingsferkeap. Yn de twadde helte fan maaie sille de winkels dan definityf ticht.
Hoe't it komt mei de oare acht boartersguodwinkels yn Fryslân, dy't yn hannen binne fan franchisenimmers, is noch net bekend.

Fallyt

Inkelde wiken lyn waard Intertoys fallyt ferklearre. Ynvestearder Green Swan hâldt no ûngefear 120 winkels iepen. Dat binne der minder as foarige wike tocht waard. It betsjut dat noch mear minsken harren baan kwytreitsje.