Lêste ljipaai fan Fryslân fûn yn de gemeente Harns

It lêste ljipaai fan Fryslân fan 2019 is fûn. Sjoerd Atze de Jong fûn it aai tongersdeitemoarn yn 'e buert fan Achlum, mar wol krekt yn de gemeente Harns yn it boulân. Yn alle Fryske gemeenten dêr aaisocht wurdt, binne no earste ljipaaien fûn.
© BFVW
It minne waar wjerhold De Jong der net fan om op 'e syk te gean nei in aai. Hjirmei is it frije fjild yn de folsleine provinsje sletten.