René Hake: "We willen beiden een andere kant op"

14 mrt 2019 - 12:05

"Ik vind het jammer, we willen beiden een andere kant op." Dat seit trainer René Hake fan Sportklup Cambuur oer syn ôfrinnende kontrakt by de Ljouwerters. Dat kontrakt wurdt net ferlinge en dat betsjut dat hy oan de ein fan dit seizoen fuort moat.

De trainer krige dat woansdei fan de kluplieding te hearren. Der hawwe meardere petearen west. "Als je de intentie hebt om door te gaan, moet je dezelfde ideeën hebben en op dezelfde golflengte komen. Als blijkt dat dat niet zo is, kun je beter de conclusie trekken om niet met elkaar door te gaan", neffens Hake.

Ek de minne resultaten fan de Ljouwerters binne oanlieding foar de breuk. "Dat kun je niet los van alles zien. Ik heb het de groep vanochtend op de training verteld."

Cambuur: tefolle twivels

By de direksje fan Cambuur wie net foldwaande perspektyf op bettere sportive resultaten ûnder lieding fan Hake. Dat wie de wichtichste reden om net mei-inoar troch te gean, neffens finansjeel direkteur Gerald van den Belt. "En toen hebben we tegen elkaar gezegd: dan moeten we het niet doen."

Finansjeel direkteur Gerald van den Belt

"Het rechterrijtje is niet genoeg voor Cambuur. Vanaf de zomer willen we een nieuwe start maken met de club, ook met het oog op het nieuwe stadion. We willen iemand vastleggen voor meerdere jaren. Daar vonden we dit te broos voor."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal René Hake
(advertinsje)